Sa seach er der út. In moaie wylch, ek al is it yn`e winter, sûnder grien oan de tûken. Op dizze site in foto fan Sybrig nei de snoeibeurt. It liket mâl, mar dat sil net sa bleauwe.
De wylch is sûn neffens de gemeentelju fan de ôfdieling iepenbier grien. Se ha de beam in jier sawat goed folge om`t er nei it ferwiderjen fan de wenten doedestiids wol te lijen hân hat. Mar it sil goed komme en dat is no de reden foar in grutte snoeibeurt west. It jild dat al ornearre wie foar it omlizzen fan de beam yn it gefal dat…kin no in better doel tsjinje.

Neffens de gemeente is it net sa dat de wylch te min wetter opnimme kin. Nei de rekonstruksje fan de tagong ta it doarp hat er wol in minne tiid hân, mar it docht bliken dat er it léste jier wer nije tûken oanset hat. De wylch stiet op in moai plak by brége en rotonde en is in wiere “blikfanger” ,in markante ferskinning.
Froeger op it hiem fan de famylje Schaafsma oan de swettewei, no as in ambassadeur fan it griene Skearnegoutum dy`t elts wolkom hjit. Lit no de maitiid mar gau komme, sadat ús wylch oan it wurk kin mei jonge skeuten dy`t wer útgroeie sille ta mânske tûken. Waarmte en sinneljocht, dér hat er ferlet fan, lyk as de minsken.