Tongersdei, 28 maaie, 4.15 oere.
Samar in stikje dat ik op facebook sette en der wol aardige reaksjes op kamen. Miskien ek wol leuk op de site ?!
Ik wie der hiel wis fan, dêr by dat gebou ha ik de Passat del setten.
Mar nei lang sykjen fûn ik em net. Dat ha ik wol ris faker. Ik wit it seker, mar nearne te finen.
Doe waard ik wekker en de blaas joech oan dat er lege wurde moast. Dan mar efkes fan bêd ôf en dan kin ik samar sin oan kofje krije, mei in peuk fansels.
De klyster, swart mei giele snaffel, wyfkes sjonge net, begjint syn liet, prachtich op in stille moarn. It waard al skimmerich om 4.15 oere en der komt stadich oan wat ljocht by. Hy wit net fan ophâlden mar der komt gjin reaksje op syn konsert, wat net ûngewoan is.
En de klyster hat syn fêste plakjes foar syn
liet, altyd heech op in dak of it topke fan de beam. Hy lit witte dat dit syn domein is.
It sjongen hâld op om 4.45 oere. Ik gean wer op bêd, it is fierstente betiid om op te bleauwen en ik fal wer yn sliep.
Jan
