Al lang wienen wy fan doel yn It Lange Rek de boskjes te snoeien. Dat slagge in jier ferlyn net om`t it dêr fiersten te  wiet wie. Mei help fan hoveniersbedriuw  Tseard Hingst út Offenwier hawwe in grut tal frijwilligers  ôfrûne wike, trije dagen lang oan it wurk west en it riseltaat mei der wêze. It kerwei is noch net alhiel klear,

nei`t Hingst en syn mannen oan ta mei tiisdei, dizze wike, noch haksele hawwe. Der is noch aardich wat hout te fersnipperjen en dat sil ynkoarten dien wurde.

De boskjes binne bot úttinne en wy hawwe yn`e war west mei motorseagen en hakselmesjine. It kapte hout moast ut`e boskjes sleept wurde en dat is bêst wol dreech wurkjen as Jo earst noch in sleeppaed meitsje moatte. Tagelyk wie it ek wer tige gesellich, mei op`e tiid kofje en koeke en tusken de middei in streksum miel yn it Swettehûs. Wy hienen in soad readboarstkes en oar lyts fûgelguod om ús hinne alle dagen wer op`e nij. As tochten se, wat bart hjir allegear en … is der wat te heljen no de boskgrûn omwuolle wurdt. No en dan ek in boskmûske (ien mei in swart felsje) dy`t him ut`e fuotten makke en dan wie dêr dy ielreager dy`t net mear fan`t plak komme koe om`t er ferhongere wie of siik. De oare dei`s wie er dea. Ja, de winters mei iis yn sletten en swette kinne wreed wêze foar bisten dy`t mar sjen moatte hoe`t se oerlibje.

Troch it wurk koenen wy no ek sjen dat ferskate klysters, blokfinken (koolmees) en in dow bret hienen yn de strúken. Earder al yn het reid seagen wy in nestke fan in reidfûgelsje, moai ferflochte yn trije reidstengels. Dêr sille der fêst mear fan west hawwe mar dat is net te sjen sa lang in soad reid noch yn boskjes oerein stiet.

Sa as ik al sei, it wie moai en swier, mar tankber wurk en it waar, droech mei it sinsje derby, wurke goed mei. Wy hawwe op de moarn- en middei oeren oan`e slach west mei wikseljende ploegen, sadat it te dwaan wie. Yn`e takomst sille wy sa om de trije/fjouwer jier snoeie moatte, ha wy no wol yn`e rekken. 

As bestjoer fan de Stifting binne wy bllid met de stipe fan safolle minsken en dêrom …

Tank foar jim geweldige inset Tseard, Tjalling, Germ, Yme, Johan, Geart, Sipke, Roeland, Rouke, Jouke, Romke en Johan, Kor, Piet, Ype, Albert, Koos en Sjoerd. Manmachtich binne wy sterk en kinne alles oan.

Ut namme fan de leden fan it Stiftingsbestjoer

Jan