In djipterekôr by de Strikers.

Oer it generaal is in rekôr altyd moai om te beheljen, mar it rekôr by de Strikers moandeitejûn net: it wie in djipterekôr. In djipterekôr yn it tal dammers en yn de duer fan de partijen. It woe net sa as it eins moat en troch de ferskate blunders wienen de fjouwer partijen yn in flok en in skeet út. En koenen de mannen al foar healwei tsienen nei hûs ôfreizgje. In djipterekôr wêr‘t jin as klup net grutsk op hoege te wêzen.

De sân dammers, allegearre manlju, de beide froulju koenen net, gyngen noch mei goeie moed sitten. Mar it duorre net sa lang of Bauke Bos moast it tsjin Jelle Wiersma opjaan. Jelle helle der in moaie flypflap út wêrtroch Bauke syn houten oan alle kanten fan it boerd ôffeegd waarden. Jelle koe doe fierder gean mei de partij tsjin Ype Boelens. Dat spul ferge ek net folle tiid fan de mannen. Ype die it krekt net goed en ferlear ek en doe wie it noch rom foar njoggenen.

As dat al net genôch wie, makken Willem Schaap en Cor Kooistra beide sleauwe flaters. Willem moast sa de winst oan Dicky van der Meer tastean. Dy lêste wûn foarige wike ek al tsjin de foarsitter, mar dat wie nei in hiele moaie partij. Dy selde foarsitter jûch no twa houten en seach fuortendaliks dat dat ferkeard gie. Hy tocht dat er moai twa om twa ôfruilje koe, dat betearde dus oars en hy kaam al mei al in houtsje efter. Dat mocht syn tsjinstanner Sjoerd Jan Bakker wol lije. Op dat stuit wie de partij eins al út, hoewol ‘t Kooistra noch wol wat tsjin spinpoate, koe er neat mear begjinne.

Utslaggen: Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1.

De Stadige Strikers  Skearnegoutum-Loaiingea