Dach Sinter(Klaas), dach Swarte Pyt

Sint en ek syn hynder Américo hienen der mar tige nocht oan, hjoed in wike lyn. Op ferskate plakken makken se út poere wille rûnsjes op de dyk en Sint swaaide oan ien wei troch, aristokratysk, mar dat komt him ta, nei alle bern en âlden yn de strjitten fan Skearnegoutum. Seagen jimme dat hândsje fan Sinterklaas? As hie er it oernaam fan ús âld Keninginne Wilhelmina,

mar it kin ek oars om wêze fansels !?

Dizze Sinterklaas-middei wie der ien om yn te listen. Wat kâld, mar droech waar en in moai sinsje der by. Oankommen yn it Swettehûs koenen Sint en de Pyten in soad bern begroetsje, allegear blide gesichtsjes en eagen dy`t fol ferwachting wienen foar in moai berne feest mei sankjes, dûnskes mei de Pyten, ferhaalsjes en fansels……kadootsjes. Us Jesband soarge foar de goede toanen sa dat alle bern goed mei sjonge koenen.

De seal wie smûk, mei tank oan Anneke Reinink en Gerlofke Beuckens. Dy blide, glunderende kopkes fan de bern, dat foel my tige op. Sels wie`k as lyts jonkje mar wat skrúten foar dy Sinterklaas op syn únbidich grutte hynder, mar raar genoch (?) net foar swarte pyt.

Us pyten wienen as fan âlds, dat wol sizze gewoan ….. swart, sa as wy it wend binne. Gjin núvere merakels yn Skearnegoutum. Gjin feechpyten, rose of griene of wat foar soarte dan ek. Net dat it slim wêze soe fansels. Wy plattelanners meitsje ús net drok, sa as yn de grutte stêden, lyk as Amsterdam, Utert en oare. Op ús Omrop Fryslân en yn de Skearnegoutummer media gjin swiere diskusjes lyk as by de lannelike omroppen. Doch mar gewoan en wês Jo sels.

Boppedat, Jo soenen Sint en Pyt, dat moaie stel, de iene sniewyt en de oare inketswart, like goed in foarbyld fan in “multikulti” mienskip neame kinne. In duo dat net fan elkoar te skieden is en tegearre troch it libben giet. Nee, nea ta jaan oan minsken dy`t miene dat se ” swarte pyt ” oangripe moatte om diskriminaasje oan`e oarder te stellen. Silvana Simons kin better, as se yn de polityk komt, de efterstân fan minderheden op oare wize oan pakke. Der is fansels wol sprake fan diskriminaasje en minder kânsen foar groepen minsken yn de mienskip.

Mar, tagelyk, ek mar net oardiele oer de minsken yn de rânestêd. Stel ris foar, Jo binne fan de al wat âldere generaasje, rinne hjir troch doarp en komme meast, dat wol sizze folle mear, minsken mei in oar kleurke tsjin dan dy`t Jo eigen is. Wy kinne it ús hjir net foarstelle, mar it soe dochs samar raar oanfiele kinne.

En stel, Jo geane jûns by tsjuster de doar net mear út om`t dat net feilich genoch is en op al Jo doarren en rúten hawwe Jo ynbraakbefeiliging, sa as dat yn de rânestêd hiel gewoan is. Fakânsjefreonen út Rotterdam, hy in ex polysjekommisaris, kinne der fan mei prate en bringe en helje de froulju fan de famylje as dy jûns te boadskippen wolle. Sa as wy dogge mei ús bern as se te stappen geane.

It is mar goed wenjen, hjir yn Skearnegoutum. Dach Sint, dach Pyt, oan`t in oare kear en tank foar it moaie feest. Foto`s sille ynkoarten op dizze site stean.de opmaak van je bericht, kies je bovenin de balk voor Visual Builder verlaten – WEL opslaan en daarna naar het dashboard kies voor berichten en kijk of jouw nieuwe bericht tussen deze berichten staat.

Daarna kun je dat bericht aanpassen door aan te geven welke datum dit bericht moet hebben en je kiest in de categorie een jaartal die bij dit bericht hoort.