It biljertsjen yn jannewaris wie, as fan âlds, wer in grut sukses. Fan tongersdei oan ta mei sneon waard der fûleindich biljerte. Der binne dielnimmers dy`t it te dwaan is om de sport en oaren, faaks dy`t net op in klup sitte, foaral om de gesellichheid, it praatsje, it slokje ensfafuorthinne. Foar de leden fan ûs biljartklups ek in barren om by de priiswinners einigje te wollen. Sy geane foar de ere. Dat falt wis noch net ta om`t der in soad partijen spile wurde moatte.
Sa`n toernooi is, liket my, net samar wat. De tarieding freget in soad tiid en ynset. Moai dat der eltse kear wer mannen binne dy`t dat op harren nimme. Dat it gesellich is dizze dagen is goed te sjen. In folle seal, in soad praat en de borrel smakket ek goed. Dy`t fier komme wolle sille harren fêst wol wat yn hâlde, tink ik sa.
Dizze skriuwer hat net safolle doel oer it spul, mar hat wol troch dat it oan komt op oefening, in skerp each, in fêste hân en insicht wat de bal docht, foaral nei it reitsjen fan de hoeken en rânen fan it biljert. Dat it in dreech spul is sjoch ik ek wol oan it tal kearen dat de score op 0 of 1 as 2 punten hingjen bliuwt. Mar sa`n Tseard Bergema, dy`t 36 carambole`s makket yn ien beurt, ja, dat is dochs wol in grutte prestaasje. Mar as ûnnoazele hals sjoch ik dochs ek wol dat de measte carambole`s makke wurde kinne as in tsjinstanner de ballen moai ticht by elkoar op de tafel achter lit foar wa`t nei him spilet.
Hawar, it mei my spitigernoch net barre, dat biljertsjen. Al liket it my wol moai ta. As grifformearde jongeling moast ik fier ôf bliuwe fan alles wat nei in kaffee rûkte. Ommers, drank, biljertsjen en kaartspyljen wie ommers it wurk fan de dúvel? Ja, ja, sa wie it tinken fan tsjerkelju. Dêr koe`st it as jongfeint mar mei dwaan. Wy hawwe dat al lang achter ûs litten fansels.
Lokkich ha ik hobby`s genoch. No noch te biljertsjen? De tiid sil te koart wêze om der noch doel oer te krijen. Under de “lees meer” knop de winners fan dit toernooi. Tige lokwinske allegeare!
Jan
A klasse Winnaars ronde |
1 |
Tjeerd Bergema |
2 |
Sjoerd de Schiffart |
|
3 |
Pieter Paulusma |
|
Verliezers ronde |
1 |
Frank van Hamersveld |
Hoogste serie |
|
Tjeerd Bergema 36 car. |
B klasse winnaars ronde |
1 |
Evert Conradi |
2 |
Michel Rijsemus |
|
3 |
Wiebe Hoitinga |
|
Verliezers ronde |
1 |
Ton Rijsemus |
Hoogste serie |
|
Thomas de Vries 24 car. |
C klasse winnaars ronde |
1 |
Jildert Grondsma |
2 |
Johannes Leeverink |
|
3 |
Jan Bouwmeester |
|
Verliezers ronde |
1 |
Gerrit Lam |
Hoogste serie |
|
Jan Bouwmeester 9 car. |
D klasse winnaars ronde |
1 |
Albert van Ramshorst |
2 |
Stevan van der Molen |
|
3 |
Fedze Gaastra |
|
Verliezers ronde |
1 |
Timo Atsma |
Hoogste serie |
|
Fedze Gaastra 6 car. |
Dames winnaars ronde |
1 |
Anouk Boersma – de Vries |
2 |
Lianda Bokma |
|
3 |
Heather Zijlstra |
|
Verliezers ronde |
1 |
Petra Conradi |
Hoogste serie |
|
Anouk Boersma – de Vries 4 car. |
Winnaars ronde 55+ A klasse |
1 |
Frank van Hamersveld |
2 |
Jan van Dijk |
|
3 |
Rinus de Schiffart |
|
Verliezers ronde |
1 |
Wiebe Hoitinga |
Hoogste serie |
|
Frank van Hamersveld 17 car. |
Winnaars ronde 55+ B klasse |
1 |
Jan Bouwmeester |
2 |
Johannes Leeverink |
|
3 |
Pier Boorsma |
|
Verliezers ronde |
1 |
Rintje Landman |
Hoogste serie |
|
Rintje Landman 6 car. |
Winnaars ronde 55+ C klasse |
1 |
Jaap van der Veer |
2 |
Douwe Broersma |
|
3 |
Durk Koopmans |
|
Verliezers ronde |
1 |
Willem Atsma |
Hoogste serie |
|
Cees van der Goot 4 car. |