skiednisboek oer Skearnegoutum. Mei hjirtroch waard en wie ik fassinearre troch de ferhalen oer it ûnstean fan de Middelsee, de Himmen en dêrmei anneks it ûntstean fan de Swette. Ik makke my in foarstelling fan hoefolle wurk der sa rûn it jier 1200 en dêrnei ferrjochte is om de Swette te graven yn de slinke fan de âld Middelsee dy’t doe langsum oan tichtslibbe rjochting it noarden fan ús provinsje.
Ik seach it foar my hoe’t mannen oan ‘e knibbels ta yn ‘e dridze mei in houten bats de slinke ferbreden ta in ôffierrivier fan it Middelseewetter en letter it farwetter de Swette as grins tusken Eastergoa en Westergoa.
Dat ynspirearre my ta it skriuwen fan it fers Swette. Doe’t yn 2005 de Middelsee-rûte iepene waard hie ik dêroer kontakt hân mei de projektlieder fan it Friese Meren projekt en sa kaam hy, nei it lêzen fan myn fers, mei it idee om dit op de útnoeging foar de iepening te setten. In hiele ear foar my.
Mar dan leit sa’n gedicht dêr en dat is it dan. Eins fûn ik dat in bytsje skande en sa kaam ik ferline jier op it idee om it oan te bieden oan it doarp om it oan de Swette neist it nije fytspaad rjochting Boazum te pleatsen. Ik ha dat foarlein oan it bestjoer fan doarpsbelang en dy ha it de leden op de ledegearkomste fan 2015 foarlein. Men wie unanym foar. Yn oerlis mei doarpsbelang en it bestjoer fan it natuergebiet de Flearen ha we in plak bepaald. Ik ha it der in pear wiken tebek delset, kreas op in roastfrijstielen stander en no sil op tiisdei 31 maaie de jûns om healwei achten ien en oar oerdroegen wurde oan it doarp.
Ik soe it ferhipte aardich fine as jimme dêrby binne.
Geart Bos.
Swette
Stil leit middenmank de greiden
In dreech bewrotten wetter.
Yn in mânsk en treffend lânskip
Omfieme fan waaksend reid,
Dêr’t tuorrebouten de holle bûge
As earbetoan oan de súdwester,
Dûnsje Swanneblommen in wals
Op de tearen fan syn antlit.
G. Bos.
Vorige
Volgende