EASTEREIN – Yn de oersichtlike wrâld fan it damjen yn it Fryske spul leine de ferhâldings de lêste jierren wol sa’n bytsje fêst. Op ‘e klupkampioenskippen naaiden de klups fan Hartwert en Aldegea SWF altyd mei de beker út, wylst Skearnegoutum ornaris net fierder kaam as it tredde plak. Dat betearde ôfrûne sneon yn seal Bergsma yn Easterein lykwols oars. It wiene no de dammers fan de Skearnegoutum Stadige Strikers dy’t oan ‘e ein de blommen krigen. En foar Aldegea waard de dei net oars as in lyts drama.
Op de klupkampioenskippen damjen Frysk spul op sneon 16 jannewaris is it earste achttal fan de Strikers kampioen wurden. Op it twadde plak einige Hartwert, tred Lollum en fjirds Aldegea-SWF. It wie foar elk in grutte ferrassing dat de mannen fan de Skearnegoutumer klup kampioen waarden. Hartwert de grossier yn klupkampioenskiptitels waard yn de earste omloop op spektakulêre wize op kamp holden: 4 – 4. Tsjin de oare beide klups sloegen de Strikers ek foar master op. Aldegea 5,5 – 2,5 en Lollum 7 -1. Skearnegoutum kampioen!
It achttal bestie út de folgjende spilers: Jelle Wiersma, Sjoerd jan Bakker, Willem Schaap, Cor Kooistra, Bauke Dykstra, Dicky van der Meer, Ype Boelens en Harry Postma.
It twadde achttal wûn ek de earste priis yn de tredde klasse. Yn harren groep sieten mar trije achttallen. Yn wêzen moasten se dus twa kear echt oan de bak. Beide kearen wûnen se earst tsjin Hartwert 3 en dêrnei tsjin Aldegea 2. It achttal bestie út: Ynte Dykstra, kees Willem Koopmans, Bauke Bos, Bauke de Boer, Tsjerk Wiersma, Rients Wynia, Tineke Teigeler en Marjolijn Bakker.
Al mei al in fantastysk klupkampioenskip foar de Strikers. Noch mar ien kear earder hiene se it swiet fan it klupkampioenskip preaun. Dat wie yn 2009. Dat smakke doe ek geweldich. Mar ek diskear foaral net minder.