In protte skearnegoutummers is it al op fallen dat der in soad rôffûgels binne dizze winterperioade. Foaral de mûzefalk (buizerd) is bot oanwêzich mei namme op de dyk foarby de pôle oan`t de ôfslach nei Turns. Somtiden telle jo samar fjouwer as fiif stiks. Der binne ek in soad wikels en yn`t doarp is der gau ris in sparwer dy`t in mosk slacht. It hat te krijen mei u.o in grut tal útkame nêsten it ôfrûne jier. Mei de mûzepleach is der in soad proai west. Yn de winter komme der ek altyd in soad mûzefalken by út de skandinavyske lânnen. Dat in protte rôffûgels yn de bjermen sitte komt wer om`t de mûzen dan de hegere en droegere plakjes opsykje. De mûzefalk op de foto liet my hiel ticht by komme. It is ek de moaiste dy`t by de ivige leane omslacht. Foarsichtich tichte by komme yn de auto, kamera op tiid gebrûksklear lizze en it rút op`e tiid del. Dan noch hawwe jo in soad lok nedich. Bliuwt er sitten dan slagget it, mar meastentiids giet er al gau op`e wjukken.

Fan Piet IJssels krige ik in deade wikel mei poatring. Wie efter it hûs ferûngelokke. It bistke bliek ringe oan`e kleasterwei, tichteby Turns. Dat wie yn juny 2015. It blykt dat in soad jonge fûgels de tiid fan leare te fleanen en jeie net oerlibje. Sa as jimme witte is ek de earrebarre it ôfrûne jier in soad by ús yn de buert te sjen west. Komt ek al fanwegen de mûzen. Soe de rkommend jier werom komme? It is mar sear de fraach no de mûzestand ôfnaam is.