Bernekriich: Ofrûne sneon de 23e wie it wer grut feest yn doarpshus Elim, op dizze dei wie der middeis en jouns foar alle skoalgeande bern de tradisjionele bernekriich foar in fryske foardracht en/of playback. Mei sa ‘n 28 dielnimmers en troch de goeie organisaasje fan de toanielferiening It Pompeblêd, (it wie hielendal top en it gie as slydjeien) en natuerlik mei de geweldige ynset fan de bern, wie it wer in prachtig moai barren.