It is jimme grif al opfallen, by ús doarpstún is de ôfrûne tiid in protte wurk fersetten.
Neidat wy in gearkomste hân hiene mei de tekener fan de gemeente en hy it entûsjasme preaun hie fan ús as ynitiatiefnimmers, hat hy sich geweldich ynsetten foar ús belangen.

Al moasten wy wol in eintsje opskikke mei ús tún, wy sieten te ticht op de feart en moasten 15 meter der by wei bliuwe. Ek waard it oantal m2 meters wat lytsen. Hawar, wy hawwe ús skikt.
Op 13 maart waard der grûn besoarge en op 14 maart koe der kroade wurde. In oantal mannen hat sich hjir foar ynsetten, wêrfoar ús grutte tank. Doe´t ik de oare dei even op de tún seach wie ik bliid ferrast. De grûn lei al op bêden!

Wer in wike letter waarden de strûken planten, yn in dûbele laach om de hiele tún hinne. De gemeentemannen diene de earste rige en wy moesten foar de twadde rige soargjen. Harm spitte de gatten en wy setten de strûken der yn. It wie prachtich maitiidswaar en de oare jûns hawwe wy alle strûkjes noch wetter jûn. It is in prachtige hage wurden, fan ferskate planten: flear, hagedoarn, liguster ensfh. We binne hiel bliid dat de gemeente ús hjir sa by holpen hat.

No mei der ek noch in hokje komme, dit wurdt ek betelle troch de gemeente en útfierd troch in pear mannen út it doarp. Sa wurdt it in echte mienskipstún.
De earst plantsjes binne thús siedde en de ierdbeien steane der al yn.
Wy hoopje op in fruchtber jier.

Nijsgjirrich? Kom ris del! Út namme fan allegearre,

Aletta