Wat wol dúdlik is is dat der wol behoefte is yn Skeanregoutum om boeken ûnderling te ruiljen. Dat hat ús dan ek ta it beslut brocht om ein july, begjin augustus in ferydbere iepenbier tagongklike boekenruilkast te pleatsen dêr’t in elk dy’t dat wol syn/har oerstallige boeken yn pleatse kin en om tagelyk boeken dy’t oaren dêr yn set hawwe meinimme te kinne. We ha hjiroer ôfspraken makke mei Nynke Posthuma, sy wol der graach oan meiwurkje dat de boekenkast by harren by de winkel komt te stean. Boppedat sille sy der ek foar soargje dat de kast moarns nei bûten yn jûns nei binnen giet sadat ien en oar tidens de iepeningstiden fan de winkel foar in elk tagongklik is. Uteraard binne wy hjir tige wiis mei. Wy hoopje en rekkenje der dan ek op dat dit mei de meiwurking fan ús bewenners in grut sukses wurdt. Wy fan it Putsjekafee gean no earst oant 3 sept mei simmer reses. Dan binne we wer present yn it Swettehûs. Foar woansdei 7 septimber ha we wat spesjaals regele, we hawwe dan in rit mei de Shuttle fan de Stichting Duurzaam Vervoer Sneek op it programma stean yn gearwurkng mei Graach Dien. Dit is spesjaal bedoelt foar de wat âldere bewenners út Skearnegoutum. Jimme kinne jim dêr no alfêst foar op jaan by Baukje de Groot. Wat de kosten fan dizze histoaryske rûnrit krekt wurde is noch net alhiel bekind. Wat wol bekend is is dat we ûnderweis hjir en dêr oanstekke. Ek wurdt der ûnderweis it ien en oar ferteld en útlein oer nijsgjirrige saken en objekten dêr’t we bylâns gean. Hâldt de Doarpsomropper dizze webside en Facebook mar yn ‘e gaten foar mear ynfo.
Foarearst allegearre in goeie simmer, en foar safier jimme der op út gean, in moaie fakânsje tawinske.
Baukje, Joke, Anna en Geart.