Sa`n twa wike lyn seach ik dat der twa bewenne nêsten fan de hússwellen wienen yn Skearnegoutum. It iene oan de lange foargevel fan de Poiesz en de oare oan dy fan makelaardij Atsma oan de lofter kant.
Yn it iene gefal siet in jonge swel mei syn kopke foar it fleangat en oan de oare wie der swellestront te sjen oan de muorre wat betsjut dat it bewenne is of west hat.

Op wei nei Snits seach ik in pear dagen letter in kloft hússwellen fleanen oer de Swettewei noch binnen de kom fan it doarp. Dat is wol bysûnder om`t de lêste jierren (hast) gjin hússwellen mear oanwêzich wienen yn Skearnegoutum.

Fansels is net elts bliid mei swellen ûnder de daksgoate om`t se de boel der aardich ûnderskite.
Oan de oare kant, as fûgelman miste ik se wol. Binne se wier wer werom? Graach hear ik it as der op mear plakken wer hússwelle nestkes oan`e muorre sitte.

Ek sjogge wy hast gjin hoarnûlen (rânsûlen) mear wat al sa spitich is. In soad minsken hienen der in soad wille oan om dizze ûlen te sjen. Minsken seagen omheech nei de beammen. Ek soe ik graach hearre as jimme se no noch wol sjogge hjir yn`t doarp.

En dan is der noch in oar bistke yn Skearnegoutum te finen, dy`t wol net fleane kin, mar wol ien wêr hast eltsenien tige aardichheid oan hat. It stikelbaarchje. Altyd leuk as dy yn je eigen tún omskarrelt. By ús is dat it gefal. Mar de soart giet bot achterút en net allinne fanwege it ferkear. Ek feroaring fan it miljeu hat der mei te krijen. En tink ris oan al dy tûnen mei allinne mar tegels.

In stikelbaarchhokje, meastal “egelhuisje”neamt jout se mear kâns de winter te oerlibjen.

 Groetnis,

Jan