It natuerprojekt fan Op`e Hichte en de Natuerstifting wie wer in moai barren. In wike lang hawwe de juffen en masters leskes jûn oer de fûgels, wêrta se moaie spullen ynhiert hawwe om it foar de bern sa moai en dúdlik mooglik te meitsjen.
Mei prachtich waar hawwe alle bern, begeliede troch âlden fan bern en frijwilligers fan de Stifting, ferskate paden troch en by it doarp rûn en koenen se hiel wat fûgels “spotte”.
It hat bliken dien dat der bern binne dy`t al in soad oer fûgels witte te fertellen, wylst oaren der wat minder fan ôf witte. Yn elts gefal hawwe se wer in protte byleart.
De lytske`s út groep 1 en 2 hawwe in kuier makke en Albert Kingma hat se wat fertelt oer fûgels en oare dingen yn de natoer.
De bern fan groep 3 oan ta mei 8 hawwe fragenlisten trochwurke en antwurden socht en ek fûn.
De wike is ôfsletten mei presentaasjes fan de bern op skoalle en it wie doe tige drok op skoalle. Wy tankje alle belutsenen en mei namme de âlders fan de bern, dy`t har massaal opjûn hawwe. Hjirút blykt wol de belutsenheid dy`t ek wichtich is om`t it projekt sûnder harren net slachje kinnen hie.
Yn 2017 sil it wetterlibben wer oan de beurt komme en it hat al earder bliken dien dat bern dat geweldich moai fine. Fan it Stiftingsbestjoer de Flearen/Oer`t Lange Rek