In strieljende Dieuwke Leijenaar bij de iepening fan har nije “schoonheidssalon” op sneon 5 novimber jl. In protte skearnegoutummers hawwe har nije salon bewûndere dizze middei. Fan it eardere atelier fan Ariane Huls hawwe Dieuwke en Johan in tige moaie behannelingkeamer makke. Wy meie ferwachtsje dat der genoch frouwlju

gebrûk fan meitsje sille. En hoe sit it dan mei de manlju fan skearnegoutum? Anneke Meiners, Albert Kingma en de skriuwer fan dit stikje hienen der yn`t foar in lyts petear oer fia de mail, fanwegen it oandacht jaan oan dit barren yn de skearnegoutummer media. Anneke:”….Mar Albert, in beauty-salon is net alinne foar frouwlju hear!” Albert, “oh…ja, is ek sa, mar…eh… ik sil wolris sjen”. Jan, ja Albert sa asto faak wolris sei`st “de tiden binne feroare”, moast net alinne mear nei de kapper…”.
Op de iepening andere Dieuwke op myn fraach hoe`t it mei de manlju sit, dat der noch wol in aardige drompel is foar manlju om nei in beauty-salon te kommen.
Yn elts gefal is wis by in besite oan har salon dat Dieuwke eltsenien maklik oer de drompel hellet. En as jimme wer ùt`s stoel stappe skearnegoutummers, sille jim krekt sa striele as Dieuwke op dizze foto. In moai plak ek foar Johan en Dieuwke der oan de swettewei. Wy lokwinskje dy Dieuwke mei dyn moaie salon en winskje dy folle sukses ta.