9 Sept. Iepening skilderijen eksposysje Alie Vd Zee.

l tal jierren fersoargje Jan Luimstra en ûnderskreaune de eksposysjes yn Swettehûs. Tradisjoneel mei wurk fan doarpsgenoaten, ynearsten mei foto’s, de lêste jierren ek mei skilderwurk út workshops dy’t jûn wurde troch Sjoukje Altenburg. Dizze workshops fersoarget de aktiviteiten kommisje fan it doarpshûs en it is ferrassend wat dêr it risseltaat fan is. Bysûndere stikken makke troch faak autodidakte doarpsgenoaten, wy ha ús dêr faak oer ferwûndere.

Lykwols kaam der no wat oars op ús paad. By in besite oan de dokterspraktyk yn Boazum seach ik in skilderij hingjen wat my rekke. Doe’t ik de dame dy’t dêr oan de baly siet frege wa’t dat makke hie, krige ik as antwurd in beskieden “ik”. En dy “ik” is de húsdokter assistinte Alie vd Zee út Boazum. Nijsgjirrich as ik wie kaam ik der fia Face book achter dat Alie een protte moaie skilderijen makket en doe tocht ik dat it best ris aardich wêze soe om har te freegje foar in eksposysje yn it Swettehûs. En nei oerlis mei Jan Luimstra en Wijtze de Boer en de fraach oan Alie oft se it woe kin ik no skriuwe dat we op sneon 19 septimber de middeis om twa oere yn it doarpshûs de iepening fan de útstalling fan skilderijen fan Alie vd Zee ha sille.

eiere ynfo folget noch, mar skriuw it mar fêst yn de aginda! It is tige de muoite wurdich wat hja makket, dat mei ik alfêst ferklappe.

Geart Bos en Jan Luimstra