Moandeitejûn waard der fansels noch wakker w eromsjoen op it behelle kampioenskip foar kluptiims te Easterein ôfrûne  sneon. Soms sit it tsjin en soms falt it mei. Sneon wiene de Strikers net ûngelokkich troch mei in winst op boerdpunten kampioen te wurden. It hie ek sa mar oars kinnen, mar ja dat hawwe jo as de ferskillen dochs net sa grut binne as dat guon minsken tinke.

Foar it hiele damjen yn syn algemienheid hie it fansels prachtich moai west as in klup as Blauhûs no ris in kear de heechste eare preaun hie. Dat mocht net barre, wylst Blauhûs in prima klup is mei bêste dammers. Mar de bêste beste dammers binne de leden fan de Hartwerter klup. Dochs wûnen dy dammers diskear de titel net. It leit him oan in bytsje en dat lytse bytsje foardiel kaam no de klup út Skearnegoutum ta.

Doe’t it sa’n bytsje dúdlik waard dat de Stadige Strikers wûn hienen koenen en woenen de spilers fan dy klup it hast net leauwe en dochs wie it sa. Se leauwden it net earder as dat de foarsitter de mannen útnûge om op it toaniel te kommen om de kampioensblommen yn ûntfangst te nimmen.

Elk kin no wol begripe dat dy Strikers it der noch wol even oer ha moasten moandeitejûn. De iene spiler wat mear as de oare. Alle spilers ha oan dit kampioenskip bydroegen. Dat is moai. Gjin ien wie puntleas. Dêr moat dan even op werom sjoen wurde.

De kompetysje giet fansels ek troch. Der moast wer spile wurde.  En dat waard der. De ien wie wat skerper as de oar mar úteinlik wienen de útslaggen sa as se hjir ûnder ôfprinte binne.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Bauke Bos – Dicky van der Meer 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0; Jan Castelein – Jelle Wiersma 0 – 1; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1