Achte leden fan de kommisje,

De teksten dy`t de kommisje krigen hat ha wy net folle op oan te merken.

Sprutsen wurdt oer 8 oant 12 wenten. Sawat in jier lyn spruts in amtner noch oer 20. Sjogge wy nei de sitewaasje tekening dan falt op dat it te bebouwen diel rjochte liket te wêzen op de rooiline fan de trekskute, d.w.s de wenten oan it wetter. In grut part fan de beskikbere gemeentelike romte wurdt yn dizze opset net brûkt.

Us is oanrieden net te folle nei de neamde getallen te sjen, mar dochs ….itselde wie ek yn de LC te lêzen.

Wy prate no sa`n twa jier mei de gemeente oer ús winsken oangeande neibouw. It is 10 jier lyn dat der yn ús doarp foar it lêst bouwt is. Der is in grutte fraach nei wenten.

Op fersyk fan it projectteam ha wy in twadde peiling dien ûnder de bewenners fan it doarp. Op 16 novimber yn it doarpshûs. Net tsjinsteande de oanskerping troch it Kabinet fan de corona maatregels en de twifelridige wurkwize dat oangeande yn it doarpshûs, kamen dochs 50 minsken nei dizze yn rin jûn. Minsken hawwe meitocht oer te bouwen wenten. Hawwe allegear in krúske setten by typen fan wenten. Wichtiger foar ús binne de 35 skriftlik yntsjinne persoanlike winsken, wêr`t wy om fregen. Minsken dy`t graach op al koarte termyn keapje wolle. Wy hawwe nammen, mailadressen en telefoannûmmers fan dizze minsken.

Nei de gearsit binne, wylst wy noch neat publiseare hawwe yn it doarp oer de jûn yn it doarpshús, noch ris 5 opjeften ûntfongen. Minsken freegje foaral om starterswenten mei prizen oant heechut sa`n 200.000,- euro en om sa neamde “levensloopbestendige” wenten. Dat binne 60-70 plussers dy`t in eigen hûs hawwe, mar lytser wenje wolle mei sliepgelegenheid en badkeamer gelyk fliers. Minsken neamden ek oare lju dy`t net nei doarpshûs doarden te kommen, mei deselde winsken. Der binne in soad bewenners yn it doarp van 60 oan`t 70 jier dy`t hiel goed witte dat de ynstream easken yn soarch sintra heech lizze. Boppedat wolle se net út it doarp wei en binne noch net ta oan in soarchsintrum.

It soe in miste kâns wêze net de hiele lape gemeentegrûn te brûken foar wente bou. Dat soe ek de trochstream fan wenjen yn Skearnegoutum bot yn`e mjitte komme. Dizze grûn is it ienige plak wêr`t yn Skearnegoutum noch bouwt wurde kin sjoen de kompakte bebouwing fan it doarp dat ynsletten leit tusken de provinsjewei en it spoar. Us notysje “In Scharnegoutum bouwt men niet voor leegstand” blykt mar al te wier te wêzen. Is yn it kollege ek oan`e oarder west.

Wy tankje jimme foar de oandacht en winskje de kommisje wize beslúten ta.

Doarpsbelang Skearnegoutum-Loaiingea
De sikretaris